Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Goed nijs út Noard-Fryslân

Goed nijs út Noard-Fryslân!Op de 70ste gearkomste fan it Friesengremium fan de lândei fan Sleeswyk-Holstein hat de ûnderwiisminister fan de dielsteat (Dorit Stenke) hjoed bekend makke dat it Noardfrysk mei yngong fan 2029 in 'gewoan skoalfak' wurde moat mei in fêst plak op it roaster. Om it safier te krijen moat der wol mear ûnderwiisoanbod komme en ek mear learkrêften. It ûntwikkeljen fan it lesmateriaal wurdt dien troch it Friisk Liirskap fan it Nordfriisk Instituut en de Ferring Stiftung. It beslút fan de minister moat der oan bydrage dat it Noardfrysk bestean bliuwt. De Friesenrat neamt it beslút fan de minister fan ûnderwiis 'in stap foarút'.  Der binne op dit stuit 9 skoallen yn Noardfryslân dy't lessen Noardfrysk oanbiede. De Noardfryske susterorganisaasje fan ús Fryske Rie (Frasche Rädj) hat in sit yn it boppeneamde "Friesengremium". FR-Foarsitter Ingwer Nommensen is, fansels, tige op it skik mei it goede nijs. Boarnen: Sleswig-Holstein.de, Frasche Rädj, Onno Falkena  
Mear lêze...

De frouljusmoeting fan 22-25 septimber yn Noard-Fryslân

De Ynterfryske frouljusmoeting fan 22-25 septimber 2026.(In ferslach fan Aeltsje de Groot)Fjouwer froulju yn in auto en njoggen yn in buske. Sa setten de 'West-Friezen' ôf op tiisdei 22septimber.Op wei nei de Nordsee Akademie yn Leck, yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein).Dizze dei wie fuort in weromsjen fan âlde bekinden en de noadige nije gesichten. Der diene marleafst 66 froulju mei út West-, East- en Noard-Fryslân.De earste jûn wie ien fan taspraken en wolkomhjitten.Woansdei 23 septimber setten wy yn de bus ôf nei Dagebüll. Fan Dagebüll út gong it mei de boat neiFöhr. In moaie oertocht fan sa’n 50 menuten.Oant middeis twa oere ta koene wy it plak Wyk auf Föhr besjen, en dêr in terraske sykje om wat teiten en te drinken.Dêrnei gong it wer yn de bus, it eilân oer. Mei in sjauffeur dy’t op humoristyske wize fan allesfertelde. Hy hie der dúdlik nocht oan om al dy Fryske froulju wat erfare te litten fan it eilân en iteilângefoel.Der wie in stop yn it doarp Oldsum, mei in rûnkuier en fansels kofje of tee mei gebak.Op de weromreis nei de haven kamen wy noch troch it doarp Nieblum, it moaiste doarp fanDútslân.Nei de weromfeart op nei it miel yn de Nordsee Akademie.Tongersdei 24 septimber wer yn de bus, earst nei de Green Tec Campus yn Enge-Sande. Earst inteoretyske útlis oer it ûntstean en de ûntwikkelingen op de campus.Dêrnei in rûnlieding by ferskate projekten lâns. De selsridende bus spruts uteraard bot oan. Mar ekljochttrochlittende sinnepanelen en in mobile wynmotor kamen foarby.Nei it middeisbrochje gie it op nei Neukirchen, nei it Nolde Museum. Wy koene net allinne mei itkrêftige wurk fan de skilder Emil Nolde kennismeitsje, mar seagen ek hoe as syn frou en hy wennehawwe. Ek de tún wurdt noch altyd ûnderhâlden, ek dêr binne wy in slach trochhinne west.Werom yn de Nordsee Akademie wachte dêr wer it iten op ús.De jûn wie reservearre foar Alina Jacobs, dy’t mei har poetryslam ferskillende ferhalen engedichten nei foaren brocht. Oer allerhande ûnderwurpen, hiel knap!Hjirmei kaam in ein oan de dagen.25 septimber reizgen wy wer ôf nei ús “eigen” Fryslân.Der binne nije kontakten lein, âlde kontakten binne wer oanhelle. It entoesjasme wie grut, en wyhoopje dan ek yn 2028 in hiele protte Noard- en Eastfryske froulju te moetsjen yn ús eigen West-Fryslân! “Wir sind stolze friesische Frauen”, sei in Noard-Fryske frou tsjin my, doe’t wy foar ingevelstien stiene mei dêrop: “leaver dea as slaaf”. Dan fielt men de ferbining!
Mear lêze...

De Friesenbrücke giet wer iepen (en ticht)

By de Fryske Rie en de Friesenrat  besteane al in skoft plannen oer in toeristykse "Straße der Friesen", dy't alle midsiuwske Fryske plakken ferbine moat.Fanâlds bestiet der wol in beskieden fariant fan die Straße, mar dy wurdt meast "Bahn" neamd. It is de treinferbining tusken Grins en Leer. Dy ferbining is sûnt 2015 ferbrutsen west, omdat de Iems-brêge by Weener oanfearn waard. Dy brêge hat de namme fan - hoe kin it ek oars? - Friesenbrücke.Mar der is no goed nijs. Sûnt 5 oktober rydt de trein wer, op de saneamde Bahnstrecke Wunderline. Dat goede nijs wie al ferskate kearen oankundige troch Arriva, en hieltyd wer ynlutsen en útsteld. Oan beide kanten fan de steategrins is der in soad om gniisd. It sil wol klearkome as de keallen op it iis dûnsje. Mar no is it dan sa fier.Tagelyk binne der ek twa nije treinstasjons iepene (of alteast: opknapt). Ien yn Bunde en ien yn Ihrhove. En fan Ihrhove nei it Sealterlân is it in hoannestap nei it Sealterlân.   Fan Ljouwert nei Grins, fyts yn 'e trein mei. Dan fan Grins nei Ihrhove (oerstappe yn Nijskâns). En dan op 'e fyts fierder.Sa komme jo fan terp nei Täärp, fan wei nei Wai en fan tsjerke nei Säärke.(Ynfo: Omrop Fryslân, Oog tv, rtv Noord en Onno Falkena; foto Omrop Fryslân.) 
Mear lêze...