Op 21 febrewaris (dei fan 'e memmetaal) sille EBLT, Mercator en filmhûs Slieker om 15:00 oere de film Amrum fertoane, dy't him op it lyknammige Noardfryske eilân ôfspilet.

Dêrnei sil op itselde plak om 17:00 in Liwwarder taal- en keunstprojekt úteinsette, nei oanlieding fan it boek Ik rúk al aardech naar de skep fan Eza Efdé.


De film Amrum giet oer in jonge fan tolve jier (Nanning), dy't yn Hamburg berne waard, en asdútsktalich bern op it eilân Amrum opgroeit en dêr de lêste dagen fan de Twadde Wrâldoarloch belibbet. Hy wennet mei syn men (yn 'kream), muoike en bruorke op in reidbetekke Amrumer pleats. Syn heit is as hege ofsier foar de Wehrmacht yn 'e skrep. In mannichte fan tema's komt yn de njoggentich minuten fan de film foarby: 'goed' en 'fout' (fansels), freonskip en loyaliteit, frjemd (oarstaligen, flechtlingen) en eigen en de feilige, ûnskuldige bernewrâld dy't ferlern giet.   


Yn de film Amrum wurdt in soad 'eilanner' Noardfrysk praat, mar Amrum is perfoarst net in 'aardich' fersetsje oer Noardfryske folklore. Foar in 'noflik' útstapke mei film en popcorn kinne jo better wat oars útsykje. Mar wy ha hjir wol in kultureel hichtepunt by de ein, dy't jin op it moed taast en dy't de besiker net gau ferjitte sil.

Amrum is de filmbewurking fan de lyknammige roman fan de ferneamde akteur en cineast Hark Bohm (1939-2025). Hy beskriuwt dêryn feitliken syn eigen jeugd op Amrum. 

De film is ek in projekt fan Hark Bohm, yn syn lêste libbensjierren. De regy hat er foar it grutste part oan syn 'learling' Fatih Akin oerlitten. Akin, fan Turks komôf, is ûnder mear bekend wurden troch syn film Gegen die Wand (2003). 

De film wurdt dy deis ynlaat troch frisist en Noardfryslân-kenner Henk Wolf. Henk Wolf hâldt him no benammen mei it Sealtersk dwaande, mar hy is ek in spesjalist op it gebiet fan it Noardfrysk. Hy hat meiwurke oan in kursus Noardfrysk (mei Ingo Laabs) en oant in pear jier ferlyn - kolleezjes yn it mooringer Noatrdfrysk jûn.   



Dy deis klinkt ek it startskot foar in taal- en keunstprojekt foar de promoasje fan it Liwwadders mei de presintaasje fan trije Liwwadder spesjaalbierkes fan Brouwerij Grutte Pier, dy’t ynspirearre binne op it boek Ik rúk al aardech naar de skep fan Ezra Efdé. Liwwarder sprekwurden en siswizen sille oan 'e oarder komme.


Jo kinne oer dat programma mear lêze op it webstek fan it EBLT:  



https://www.eblt.nl/it-noardfrysk-en-liwwadders-klinke-mei-in-film-en-bier-op-ynternasjonale-memmetaaldei/