De Ynterfryske frouljusmoeting fan 22-25 septimber 2026.


(In ferslach fan Aeltsje de Groot)


Fjouwer froulju yn in auto en njoggen yn in buske. Sa setten de 'West-Friezen' ôf op tiisdei 22

septimber.

Op wei nei de Nordsee Akademie yn Leck, yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein).

Dizze dei wie fuort in weromsjen fan âlde bekinden en de noadige nije gesichten. Der diene mar

leafst 66 froulju mei út West-, East- en Noard-Fryslân.

De earste jûn wie ien fan taspraken en wolkomhjitten.

Woansdei 23 septimber setten wy yn de bus ôf nei Dagebüll. Fan Dagebüll út gong it mei de boat nei

Föhr. In moaie oertocht fan sa’n 50 menuten.

Oant middeis twa oere ta koene wy it plak Wyk auf Föhr besjen, en dêr in terraske sykje om wat te

iten en te drinken.

Dêrnei gong it wer yn de bus, it eilân oer. Mei in sjauffeur dy’t op humoristyske wize fan alles

fertelde. Hy hie der dúdlik nocht oan om al dy Fryske froulju wat erfare te litten fan it eilân en it

eilângefoel.

Der wie in stop yn it doarp Oldsum, mei in rûnkuier en fansels kofje of tee mei gebak.

Op de weromreis nei de haven kamen wy noch troch it doarp Nieblum, it moaiste doarp fan

Dútslân.

Nei de weromfeart op nei it miel yn de Nordsee Akademie.

Tongersdei 24 septimber wer yn de bus, earst nei de Green Tec Campus yn Enge-Sande. Earst in

teoretyske útlis oer it ûntstean en de ûntwikkelingen op de campus.

Dêrnei in rûnlieding by ferskate projekten lâns. De selsridende bus spruts uteraard bot oan. Mar ek

ljochttrochlittende sinnepanelen en in mobile wynmotor kamen foarby.

Nei it middeisbrochje gie it op nei Neukirchen, nei it Nolde Museum. Wy koene net allinne mei it

krêftige wurk fan de skilder Emil Nolde kennismeitsje, mar seagen ek hoe as syn frou en hy wenne

hawwe. Ek de tún wurdt noch altyd ûnderhâlden, ek dêr binne wy in slach trochhinne west.

Werom yn de Nordsee Akademie wachte dêr wer it iten op ús.

De jûn wie reservearre foar Alina Jacobs, dy’t mei har poetryslam ferskillende ferhalen en

gedichten nei foaren brocht. Oer allerhande ûnderwurpen, hiel knap!

Hjirmei kaam in ein oan de dagen.

25 septimber reizgen wy wer ôf nei ús “eigen” Fryslân.

Der binne nije kontakten lein, âlde kontakten binne wer oanhelle. It entoesjasme wie grut, en wy

hoopje dan ek yn 2028 in hiele protte Noard- en Eastfryske froulju te moetsjen yn ús eigen West-

Fryslân! “Wir sind stolze friesische Frauen”, sei in Noard-Fryske frou tsjin my, doe’t wy foar in

gevelstien stiene mei dêrop: “leaver dea as slaaf”. Dan fielt men de ferbining!