Goed nijs út Noard-Fryslân!


Op de 70ste gearkomste fan it Friesengremium fan de lândei fan Sleeswyk-Holstein hat de ûnderwiisminister fan de dielsteat (Dorit Stenke) hjoed bekend makke dat it Noardfrysk mei yngong fan 2029 in 'gewoan skoalfak' wurde moat mei in fêst plak op it roaster. 


Om it safier te krijen moat der wol mear ûnderwiisoanbod komme en ek mear learkrêften. It ûntwikkeljen fan it lesmateriaal wurdt dien troch it Friisk Liirskap fan it Nordfriisk Instituut en de Ferring Stiftung. 


It beslút fan de minister moat der oan bydrage dat it Noardfrysk bestean bliuwt. 


De Friesenrat neamt it beslút fan de minister fan ûnderwiis 'in stap foarút'. 

 

Der binne op dit stuit 9 skoallen yn Noardfryslân dy't lessen Noardfrysk oanbiede. 


De Noardfryske susterorganisaasje fan ús Fryske Rie (Frasche Rädj) hat in sit yn it boppeneamde "Friesengremium". FR-Foarsitter Ingwer Nommensen is, fansels, tige op it skik mei it goede nijs. 


Boarnen: Sleswig-Holstein.de, Frasche Rädj, Onno Falkena