Yn de pinksterdagen fan 1956 is yn Aurich (Ostfriesland) de Ynterfryske Rie oprjochte. Dat is no santich jier ferlyn.
Foar de Twadde Wrâldoarloch wie der al gearwurking tusken fertsjintwurdigers fan Westerlauwersk Fryslân, Ostfriesland/Oldenburg en Noard-Fryslân, mar yn 'e oanrin nei dy oarloch wie it spul bedoarn. It is oan minsken lykas Jan Piebenga (de kranteman), Jelle Brouwer (de skriuwer en gelearde) en Frederik Paulsen (de Dútske oarlochsdissidint) te tankjen dat de ferbrutsen freonskipsbannen oan beide siden fan de steatsgrins wer oanhelle waarden.
De Ynterfryske Rie (dy namme is pas yn 1999 ynfierd) basearret him op it manifest fan Aurich fan 1955, in jier foar de oprjochting: Friezen yn in demokratysk en feriene Europa.
Sûnt de oprjochting hat de Ynterfryske Rie regelmjittich treffens op Helgolân, kongressen op wikseljende plakken en útwikselingen fan studinten, boeren, plattelânsfroulju (ensafuorthinne) op priemmen set.
Yn 2027 sil der wer in kongres yn Ostfriesland wêze.